Douwe Bob fielt him frij op 'pirate-eilân' Skylge

18 jun 2019 - 18:30

"Als ik op Terschelling ben, dan voel ik vrijheid. Oerol is echt een pirateneiland." Sa omskriuwt singer-songwriter Douwe Bob syn gefoel, no't hy op Oerol is. Alle dagen kinne minsken him hearre by spesjale beach-sesjes op it strân op Skylge.

Douwe Bob lit him der net oer út oft hy goed by Oerol past. "Dat is niet aan mij. Maar deze vraag gaat veel dieper. Willen mensen naar mijn dagboekmuziek luisteren?"

Hy stelt him kwetsber op by syn optredens op Oerol en fertelt oer syn eigen libben. Dat fynt hy belangryk. "Ik kreeg eens een mail van jonge mensen die zeiden dat de dingen die ik schrijf, ze door een moeilijke tijd heen helpen. Als ik er maar één iemand mee heb geholpen, vind ik het al de moeite waard."

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Ferslachjouwer Wendy Kennedy sit op Oerol en is op syk nei it "Oerolgefoel." Earder befrege se tangofenomeen Carel Kraayenhof, dy't in rol spilet yn de foarstelling Lost Tango.

Trefwurden: 
Oerol Douwe Bob Beach Sessies
(advertinsje)