Hoe libbest mei kanker? Alvestêdeswimmer Cobie Heida stipet kankerpasjinten

18 jun 2019 - 17:38

Foar har wurk stipet se minsken mei kanker, mar dat is noch net genôch, fynt se. Dêrom swimt Cobie Heida út Ljouwert takom wykein 22 kilometer mei Maarten van der Weijden mei by de Alvestêdeswimtocht. Se hat dêrfoar al mear as 1000 euro ophelle foar kankerûndersyk.

Hoe fertel ik oan myn bern dat ik kanker ha? Of wat wol ik noch dwaan yn myn libben? Dat binne de fragen dy't Heida krijt as maatskiplik wurker op de onkologyôfdieling yn it MCL. "Yn myn wurk spylje gjin oare saken, want it giet oer libben en dea. En dat betsjut echt wat. Ik help minsken mei hoe't se mei it hiele kankerproses omgean moatte. Hoe minsken foarm jaan kinne oan it lêste stik fan har libben. En wat de famylje dêryn betsjutte kin."

"It moaie is dat minsken harren faak beswierre fiele om dizze dingen te dielen mei harren neisten, om se net noch mear te belêsten. Mar oan my kinne se alles fertelle. Ik bin der foar harren. Ik doch dit no al fyftjin jier en ha bygelyks ek al minsken dêr't ik al tsien jier by oer de flier kom. Watst wolris tsjinkomst, is dat minsken langer libje as ferwachte en dat it sosjale netwurk ôfheakket. It klinkt miskien raar, mar dan is it sa fan: do soest deagean, mar do bist der noch hieltyd."

Foto: Omrop Fryslân, Arjen de Boer

Heida wit troch har wurk as gjin oar hoe wichtich dat it is om jild yn te sammeljen foar de sykte. Dat is har motivaasje om takom wykein yn alle alve stêden mei Maarten mei te swimmen.

Mei alle heftige ferhalen dy't Cobie op har wurk te hearren krijt, brûkt se it sporten om har wer op te laden nei it wurk. "Ik kin op dy manier alles wat makliker in plakje jaan." Op dit stuit swimt se tusken de 10 en 16 oeren yn 'e wike en docht ek noch oan fitness en hurdrinnen.

Foto: Omrop Fryslân

Minsken dy't of de oare meiswimmers stypje wolle, kinne hjir jild donearje. En hasto sels ek in aksje foar Maarten, dan wolle wy dat graach witte. Trochjaan kin op omropfryslan.nl/maarten.

(advertinsje)
(advertinsje)