Oersjoch: dizze farrûten binne ôfsletten mei de Alvestêden City Swim

18 jun 2019 - 17:29

Neist de Alvestêdeswimtocht fan Maarten van der Weijden wurdt der fan freed oant en mei moandei de City Swim organisearre yn de Fryske steden. Yn ferbân mei dizze swimtocht binne in oantal farrûten ôfsletten.

Foto: Provinsje Fryslân

Oersjoch fan de ôfsletten farrûten:

Snits

Freed 21 juny fan 22.00 oere oant en mei sneon 22 juny 00.01 oere.

- Farrûte Swette fan de Mûnebrêge-Lêste Stúver ôf, Looxmagrêft, Badhûsgrêft, Tsjerkegrêft, Wetterpoartsgrêft nei De Kolk en De Geau oant de Van Giffenstrjitte.

Drylts en Nijesyl

Freed 21 juny 23.30 oere oant en mei sneon 22 juny 01.30 oere.

- Farrûte De Geau, Wiiddraai, en Wimerts oant de spoarbrêge.

Sleat

Sneon 22 juny 5.00 oere oant en mei 7.00 oere.

- Farrûte De Ie, Easterbûtengrêft, Sleattemer Gat, Stedsgrêft Sleat.

Starum

Sneon 22 juny 10.00 oere oant en mei 18.00 oere.

- De helte fan it Johan Frisokanaal fan Starum is ôfsetten en der is in komplete opkear fan de Stadsgrêft yn Starum.

- De Johan Frisoslûs wurdt gewoan betsjinne.

- Beroepsfeart kin mei it evenemint net oan de binnenkant fan de slûs lizze.

- De binnenhaven fan Starum is net beskikber.

- Minsken op it wetter moate ekstra oplette yn ferbân mei in fersmelling fan de farwei oer 1 kilometer.

Hylpen

Sneon 22 juny fan 17.00 oere oant en mei 19.00 oere.

- Opkear fan de farrûte Yndyk en Westerfeart foar in part.

Warkum

Sneon 22 juny fan 20.00 oere oant en mei 23.00 oere.

- Opkear fan de farrûte yn de Djippe Dolte.

- Opkear besuden de Beginebrêge, Spoarbrêge Klifrak, oanslúting Warkumer Trekfeart en earste fêste brêge Buorrefeart.

Boalsert

Snein 23 juny fan 0.30 oere oant en mei 04.00 oere.

- Farrûte yn de Warkumer Trekfeart fan Boalsert. Fan de Eemswâlderbrêge oant en mei de Krúswetterbrêge en it Krúswetter oant it Heechhoutpaad.

Frjentsjer

Snein 23 juny fan 13.00 oere oant en mei 16.00 oere.

- Opkear fan de De Doanjumer Feart en ferskate stedsgrêften. Opkear op 'e hichte fan de fêste brêge Suderkade, It Fliet, Noarder Bolwurk en fêste brêge Blomketerp.

Dokkum

Fan moandei 24 juny fan 10.00 oere oant en mei 14.00 oere.*

- Opkear op de Dokkumer Ie en it Lytsdjip fan Dokkum.

- Opkear te súden fan de Ie-brêge, Hellingpaad, De Syl en Baantsjebolwurk.

*Let op: dizze tiden kinne oanpast wurde mei de swimtocht.

Ljouwert

Moandei 24 juny fan 19:00 oere oant en mei 23:00 oere.

- Opkear fan it Alddiel en Wielshals. De opkear is op 'e hichte fan de fêste brêge Canterlandsewei, oanslúting op 'e hichte fan de Wielshals en De Grutte Wielen.

Mear ynformaasje? Sykje de skipfeartberjochten op dizze kaart of folgje de berjochten fan de provinsje op Twitter.

(advertinsje)
(advertinsje)