Judoka Bergstra sil yn Minsk op jacht nei Olympyske kwalifikaasje

18 jun 2019 - 17:04

Yn oanrin nei de Europeeske Spelen dy't dit wykein úteinsette yn it Wyt-Russyske Minsk sjogge wy foarút mei trije Fryske judoka's. Sanne Vermeer, Tornike Tsjakadoea en Margriet Bergstra meitsje alle trije kâns op earemetaal op it toernoai dat ek nochris jildt as in gewoan Europeesk Kampioenskip. Wurdt in sporter kampioen op de Europeeske Spelen, dan krijt dyjinge ek fuort in medalje as Europeesk Kampioen. Dizze kear sjogge wy foarút mei Margriet Bergstra.

Margriet Bergstra is noch net hielendal fit as wy har opsykje op Papendal. Se traint apart fan de grutte groep judoka's en docht oare oefeningen, lykas touklimme. Dochs is se fol fertrouwen foar de Europeeske Spelen dy't der oan komme.

Der is foar har lykwols wol in soad bard yn koarte tiid: "Myn gewicht, ûnder de 57 kilo, is stabiler wurden, benammen troch in oar dieet. Fierder haw ik in oare coach krigen."

De foarm is de lêste wiken eins wol goed, better as ferline jier moat ik sizze, dus ik haw neat te kleien.

Margriet Bergstra oer har foarm

Op dit toernoai binne in soad punten te pakken foar in ticket foar de Olympyske Spelen fan 2020 yn Tokyo. "De kwalifikaasje giet oant no ta by my noch net hielendal goed dus de Europeeske Spelen binne hiel wichtich foar my", seit Bergstra. "De foarm is de lêste wiken eins wol goed, better as ferline jier moat ik sizze, dus ik haw neat te kleien."

Feroaringen

Ien fan de saken dy't foar Bergstra in ympakt hân hat, is de kar fan it Judobûn om in aparte coach foar de manlju en foar de froulju oan te nimmen. "Dêr wie ik yn it begjin net sa bliid mei", seit de topsporter. "Mar dat liket my logysk wannear't der in wichtige feroaring plakfynt. No giet dat hartstikke goed."

Op dit stuit is Bergstra sels wiis mei har nije coach. "Guon saken dogge manlju en froulju gewoan oars. Ik fyn it no noflik wurkjen mei myn Dútske coach."

Margriet Bergstra - Foto: Orange Pictures

It wichtichste advys foar de Europeeske Spelen fan har coach foar Bergstra is fansels om hurd har bêst te dwaan. "Gewoan fjochtsje!"

Margriet Bergstra komt sneon 22 juny foar it earst yn aksje yn har klasse oant 57 kilo.

(Advertinsje)
(Advertinsje)