Sjonger Jelle B hâldt dermei op: "Ik sil de skoalbanken wer yn"

18 jun 2019 - 16:34

De Fryske sjonger Jelle B hâldt op mei syn artystebestean. Nei in karriêre fan fyftjin jier wol er ris wat oars dwaan. Jelle B hat ferskate hits hân en wie gjin ûnbekende yn de Fryske top 100.

Jelle B - Foto: Omrop Fryslân

De 33-jierrige sjonger út Wytgaard wie al in skoftke stil op sosjale media, mar tiisdeitemiddei sette er op Facebook it berjocht dat er syn gitaar 'aan de wilgen hangt'. Yn it radioprogramma De Middei fan Fryslân leit er út wêrom. "Ik ha in heal jier werom foar mysels in beslissing naam: ik wolris wat oars. Ik ha fyftjin jier dit dien as Jelle B en ha it echt machtich moai hân. Ik ha letterlik de hiele wrâld oer west mei dat ding, as boerelul sis ik altyd. Ik bin der wat ynrôle en bin fyftjin jier fierder en ik tink yn ien kear by mysels: ik ha myn nocht."

Neffens de muzikant duorre it wol efkes foardat dat idee echt lâne. Omdat er de lêste tiid net mear aktyf wie op sosjale media, wiene der ek in soad minsken dy't har ôffregen hoe't it mei him wie. "Ik krige dochs wol in hiel soad berjochtjes fan 'e wike fan 'Jelle, wêr bist no, wat is der oan 'e hân? Libbest noch wol?'. Ik fielde my wol wat ferplichte om útlis te jaan."

Op syn Facebookside skriuwt Jelle B it folgjende:

"Ojee, het was even stil op de lijn. De oplettende volger is het ongetwijfeld opgevallen dat het even rustig was op mijn sociale media...

Dit is het geval: de afgelopen 15 jaar heb ik met mijn gitaar de mooiste dingen mee gemaakt, gezien en letterlijk de hele wereld rond gegaan! Zoveel mooie mensen ontmoet! Niet normaal. Ik hang mijn gitaar (zoals de geruchten al gingen) aan de wilgen, maar zeker niet te hoog! Hoe het er allemaal uit gaat zien, kan ik niet zeggen, dat weet je immers nooit, wel verzeker ik jullie: zie je mijn naam op een poster staan dan krijgen jullie een show zoals jullie gewend zijn! 110% op z'n Jelle B's. Ik hou je graag op de hoogte. Het is geen afscheid maar een nieuw begin.

Wish me luck!

grt Jelle"

Jelle B fertelt wêrom't hy ophâldt as sjonger

It wie net in maklik beslút, mar hy hat der in soad sin oan om wat oars te dwaan en krijt dêr ek in soad stipe foar út syn omjouwing. "Oer it algemien sizze se allegear: 'Jelle, jonge, sa bist do ek. Doch it lekker en do komst wol wer earne.' Dat is altyd wol tof om te hearren, natuerlik."

Wer nei skoalle

Jelle B sil de skoalbanken wer yn, mar hy is der noch net hielendal oer út wat er presys studearje sil. "Sjoch, ik ha noch gjin inkeld diploma, dus ik moat ek earst efkes earne op komme. Mar ik tink dat it it ûnderwiis wurde sil."

De fans hoege har gjin soargen te meitsjen dat se de sjonger dit jier net mear sjen en hearre sille. De fyftich optredens dy't noch op it programma steane, sil er as fanâlds folbringe. "Kinst gewoan in 110 prosint Jelle B-show ferwachtsje."

Trefwurden: 
ophâlde sjonger Jelle B
(Advertinsje)
(Advertinsje)