'Ome Willem' út Drinte moat stellen sloepen út Fryslân werombetelje

18 jun 2019 - 16:29

Foar de stellerij fan 5 sloepen yn Fryslân yn 2013 is in 46-jierige man út it Drintse Emmer-Compascuum feroardiele ta in finzenisstraf fan 51 dagen en in heal jier ûnder betingst. It lêtste gedielte fan de straf hat de Drint al útsitten yn syn foararrest.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

Om't de saak al jierren âld is, fynt de rjochtbank yn Ljouwert dat de sloepedief net werom de finzenis yn hoecht. Yn de moannen septimber, oktober en novimber 2013 binne der sloepen stellen yn Langwar, Wergea, Grou, Boarnsweach en it Oeriselske Wanneperveen.

Boarnsweach

De eigener fan de sloep yn Boarnsweach ûntduts dat it disselslot fan de boattrailer trochslipe wie. De plysje pleatste in folchapparaat op de boat en net folle letter binne der by in wettersportbedriuw yn Grootebroek (Noard-Hollân) trije mannen oppakt.

Letter is der ek in 53-jierrige ynwenner fan it Dútske Twist oanholden. Syn saak waard twa wiken lyn al holden. De twa mannen soene alles tegearre efter de skermen organisearre hawwe.

'Ome Willem'

De rjochtbank bepaalde tiisdei dat de Drint 20.000 euro oan it pear fan de sloep betelje moat. De man wurdt troch bekenden 'Willem' naam fanwegen de likenis mei Edwin Rutten, de akteur fan it eardere berneprogramma 'De film van ome Willem.'

(Advertinsje)
(Advertinsje)