Bestjoer fuotbalklup LAC Frisia stapt op, reden noch ûndúdlik

18 jun 2019 - 16:08

It hiele bestjoer fan L.A.C. Frisia 1883, de âldste fuotbalklup fan Fryslân, hat himsels demisjonêr ferklearre. Moandei joech foarsitter Cor van de Haar oan dat hy ophâlde woe. Dêrnei hat it hiele bestjoer syn funksjes dellein. Op de webside fan de feriening stiet in ferklearring fan it bestjoer, mar hoe't it presys sit, wurdt net dúdlik.

It klupgebou fan L.A.C. Frisia 1883 oan de Magere Weide yn Ljouwert - Foto: Google streetview

Wat de reden is foar it opstappen, is net bekend makke. Ein 2018 waard bekend dat der finansjele problemen binne by de Ljouwerter fuotbalferiening. Ferline jier waard in ferlies draaid fan 46.000 euro.

Oft dy finansjele tastân de reden is wêrom't Cor van de Haar opstappe wol, wurdt net dúdlik makke. Van de Haar is yn juny ferline jier foarsitter wurden.

Hoe fierder?

Der sil no earst in kommisje gearstald wurde dy't der foar soargje moat dat der wer in nij bestjoer komt. It sittende bestjoer sil yn de kommende perioade alle rinnende saken noch dwaan en soargje foar in goeie oerdracht. De ferwachting is dat dit foar de winterstop klear is.

Yn de ferklearring op de webside stiet dat it bestjoer snapt dat dit beslút soargje kin foar ûnrêst binnen de feriening.

De ferklearring op de webside fan L.A.C Frisia 1883:

Gisteravond heeft het bestuur van L.A.C. Frisia 1883, nadat voorzitter Cor van de Haar aangaf te stoppen, zichzelf demissionair verklaard. Op korte termijn zal een commissie worden samengesteld voor het formeren van een nieuw bestuur. Het zittende bestuur zal in de komende periode alle lopende zaken blijven uitvoeren en zorg dragen voor een ordentelijke overdracht van alle dossiers. De verwachting is dat dit proces uiterlijk voor de winterstop kan worden afgerond.

Het bestuur begrijpt dat deze, voor velen onverwachte beslissing, tot zorg en onrust kan leiden binnen de vereniging. Toch wil zij benadrukken alle vertrouwen te hebben dat deze bestuurswisseling goed zal verlopen en proberen te borgen dat de huidige positieve ontwikkelingen binnen de vereniging kunnen worden gecontinueerd.

Eventuele vragen kunnen vragen worden gesteld tijdens het inloopspreekuur. De leden worden via "de Frisiaan" en de website over de voortgang geïnformeerd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)