Ald-Ljouwerter fynt histoaryske glês-yn-leadruten by it opromjen

18 jun 2019 - 16:01

Nei 130 jier komme se werom yn Fryslân: twa glês-yn-leadruten dy't iuwenlang yn de Wiardastate, it kastiel fan Goutum, sitten hawwe. Ald-Ljouwerter Bauke Zelle kaam se op it spoar.

glês-yn-leadruten werom yn Fryslân

Bauke Zelle wennet al sûnt syn stúdzje yn Delft. Op it stuit dat er in kunde fan him helpt om in hûs leech te heljen falt syn each op twa bysûndere ruten. De glês-yn-leadruten litte ûnder oare famyljewapens sjen, mei dêryn de nammen Emingha en Van Galema.

Zelle fernimt dat it bysûnder guod is, en set fuort útein mei in digitaal ûndersyk. Hjirby komt er der achter dat Wiardastate yn totaal fjouwer fan soksoarte ruten hie. Twa derfan binne ynboud yn it Paul Tetar van Elven museum yn Delft. Hjir steane de manlike famyljewapens op. De twa dy't Zelle fûn hat binne de froulike eksimplaren.

It kastiel fan Goutum

Wiardastate waard ek wol it kastiel fan Goutum neamd. It wie in plak dêr't troch de iuwen hinne ferskate aadlike famyljes harren thús fûnen. Bygelyks de Emingha's en de Van Cammingha's. It gebou waard mei troch dit ferrin ek hieltyd wer oanpast.

Yn 1881 waard it lykwols te djoer om de ferneamde state te ûnderhâlden, wêrnei't it beslút foel om it gebou ôf te brekken, en yn parten te ferkeapjen. Wa't de bysûndere ruten doe kocht hat, is (noch) net bekend. Feit is wol dat se alle fjouwer yn Delft bedarre binne.

Nei de fynst fan Zelle is der wurk fan makke om de twa aadlike ruten wer werom nei Fryslân te bringen. It glês-yn-lead is úteinlik skonken oan it Fries Museum. Dêr't se der tige wiis mei binne. De nije oanwinst is fuort byset yn de tentoanstelling 'sammele wurk' dy't no te sjen is.

'Fan ús' begjint om 17.35. Yn dizze searje fan fiif ôfleveringen sjogge we efter de skermen by it Fries Museum. It museum hat de rykste regionale kollekesje fan Nederlân. De mear as 200.000 items fertelle it ferhaal oer ús erfgoed. Mar hoe wurdt it fan ús, hoe komme je oan al dy items en wat as je der wer ôf wolle?

(Advertinsje)
(Advertinsje)