Ljouwert lûkt him werom út race om Eurovisie Songfestival

18 jun 2019 - 15:33

Ljouwert lûkt him werom as kandidaat om it Eurovisie Songfestival te organisearjen. Reden is dat it WTC Expo yn de stêd, dat yn byld wie as lokaasje, net geskikt is. It plafond yn it WTC is te leech foar in grutskalich evenemint as it sjongfestival.

Foto: ANP

Ljouwert stelde him flak nei de winst fan Duncan Lawrence by it Eurovisie Songfestival yn Tel Aviv al kandidaat om it festival takom jier te organisearjen. De stêd fûn dat der genôch ûnderfining wie mei de organisaasje fan grutte eveneminten, omdat Ljouwert dêr ferline jier it hiele jier toniel foar wie, as Kulturele Haadstêd fan Europa.

Al foar de NPO de easken oan de kandidaat-stêden stjoerde op 12 juny, waard der ûndersocht of it dak net ferhege wurde koe. Mar neffens de gemeente is it op dit stuit net helber om it plafond foar in realistysk budzjet én op koarte termyn te ferheegjen.

Plafond wie iennige stroffelstien

"We wisten al vanaf het begin dat de hoogte van het WTC Expo mogelijk een bottleneck zou zijn'', seit wethâlder Sjoerd Feitsma fan kultuer. "Maar de kans om een Eurovisie Songfestival naar je stad te halen laat je niet zomaar aan je voorbij gaan. Daarom hebben we ons vol overtuiging kandidaat gesteld."

"Jammer natuurlijk," jout Feitsma oan. "Vooral omdat de hoogte van de zaal eigenlijk de enige vereiste is waaraan we niet kunnen voldoen. We hadden er het volste vertrouwen in dat we de organisatie verder aankonden."

In skrale treast

De gemeente Ljouwert wol besykje oft der yn maaie 2020 in plak yn de stêd optúgd wurde kin dêr't fans it Songfestival fia in livestream sjen kinne. Takom wike nimme Ljouwert en de provinsje dêroer kontakt op mei de NPO.

(Advertinsje)
(Advertinsje)