Ljouwerter (38) ferstoarn troch oanriding by Kampen

18 jun 2019 - 15:15

In 38-jierrige man út Ljouwert is tiisdei ferstoarn by in botsing tusken in buske en in persoane-auto op de N50 by Kampen, by de ôfrit Kampen-Súd. Der wie in traumahelikopter oproppen út Eelde wei, mar dy waard al frij gau annulearre.

Foto: News United, Stefan Verkerk

De Ljouwerter wie de bestjoerder fan it lytse blauwe buske. De oare bestjoerder wie in 41-jierrige man út Daarlerveen. Hoe't it ûngelok bard is, is noch net bekend.

Der lizze fierderop ek in aggregaat en in oanhinger op 'e kop yn de berm. De dyk is foarearst ôfsletten yn beide rjochtingen.

'Deadewei'

De N50 tusken knooppunt Hattemerbroek en Kampen stiet bekend as in 'deadewei.' Der binne de lêste jierren ferskate kearen ûngelokken bard wêrby't deaden fallen binne. It duorret noch oant 2024 foar de dyk tusken Kampen en Kampen-Súd ferbrede wurdt.

Trefwurden: 
ûngelok Ljouwerter Kampen
(advertinsje)
(advertinsje)