Nederlânske follybalfroulju winne mei 3-0 fan Tailân

De Nederlânske follybalfrjoulju hawwe mei 3-0 wûn fan Tailân yn de Nations League, dy't op it stuit yn Jekaterinenburg yn Ruslân is. Ien fan de froulju is de 23-jierrige Marrit Jasper út Snits.
Marrit Jasper fan Snits © ANP
Al fan de earste set ôf kamen de Nederlânske froulju mei 25-18 op foarsprong. De twadde set einige mei 25-20 en Celeste Plak makke de tredde set (25-16) ôf mei in oanfal. Dêrmei hawwe sy mei 3-0 wûn fan Tailân.

Marrit Jasper fan Snits

Marrit Jasper út Snits makket diel út fan it team. Earder hearde har sus Hester Jasper dêr ek by, mar om't der no oare topspylsters weromkomme, sit Hester nei trije wiken net mear by de seleksje.
Woansdei spylje de froulju om 13.00 oere tsjin de Feriene Steaten.