GGZ-kolleezje: hoe geane we om mei psychiatryske kriminelen?

Psychiatryske kriminelen foar altyd opslute of se dochs behannelje en in twadde kâns jaan? It liket in duvelsk dilemma, hielendal no't we de lêste tiid pynlike foarbylden sjogge wêryn't it groulik misgien is, lykas by Michael P. en Thijs H. De publike opiny is hurd, mar dúdlik: gjin risiko's nimme. GGZ Fryslân besiket lykwols ek dy oare kant sjen te litten.
Michael Kaptein © Omrop Fryslân, René Koster
Dat it folle faker wol goed giet as net, en dat kliïnten dy't mei sukses oan har sels wurke hawwe, sa'n twadde kâns ek fertsjinje. Dat wol de GGZ graach mear sjen litte. En dus wurdt der tiisdei in saneamd GGZ-kolleezje yn de Ljouwerter Harmonie organisearre ûnder de titel 'Als misdaad en psychiatrie samengaan'.

Underfiningssaakkundige

Njonken in klinysk psycholooch, in psychiater en in tafersjochhâlder fan de reklassearring komt ek in saakkundige oan it wurd. It giet om Michael Kaptein fan Ljouwert, dy't tsien jier lyn sels yn de forinsyske psychiatry telâne kaam. Hy bestjoerde ea as masinist in trein mei mear as tûzen reizgers, wylst er smoardronken wie. Hy waard feroardiele en ferlear syn baan.

Loskomme fan ferslaving

Letter koe hy loskomme fan syn ferslaving en syn psychiatryske steurnissen. Mei tank oan de behanneling yn in spesjale klinyk. No wurket hy mei, om oare feroardielden te helpen en as ambassadeur in lâns te brekken foar dizze groep. Dêryn hat er op it heden de wyn bepaald net mei. "Toch is het zo belangrijk dat we hulp bieden. Zonder risico zal dat nooit helemaal kunnen zijn, maar de deur op slot doen en de sleutel weggooien, dat is middeleeuws. Dat kan echt niet."
Michael Kaptein © Omrop Fryslân, René Koster
Michael Kaptein fan GGZ Fryslan