Dit binne de plannen fan de Provinsje foar de kommende fjouwer jier

18 jun 2019 - 14:00

'Gelok op 1'. Dat is de titel fan it bestjoersakkoart dat it nije kolleezje fan Deputearre Steaten fan CDA, PvdA, VVD en FNP tiisdei presintearret yn Heech. De presintaasje is yn dat doarp, omdat de provinsje Heech beskôget as in goed foarbyld fan wat in libbend Frysk doarp te bieden hat oan natuer, lânbou en rekreaasje.

It provinsjaal bestjoer wol de kommende jierren ekstra ynvestearje yn it feangreidegebiet, yn sirkulêre ekonomy, yn 'tûk toerisme' en yn kultuer. De Fryske automobilist moat wol oan dy ynvestearringen meibetelje, want de opsinten op de motorrydtugebelesting geane wer omheech.

De politike redaksje fan Omrop Fryslân leit hjirûnder yn it koart út, wat der krekt yn dit nije bestjoersakkoart stiet. Klik foar it folsleine akkoart op de folgjende link (allinnich desktop).

Feangreidegebiet

De provinsje wol de kommende jierren tsien miljoen euro ekstra ynvestearje yn it feangreidegebiet. In 'taskforce feangreide' moat it belied effektyf en mei draachflak útfiere yn gearwurking mei de oare belutsen partijen lykas it Ryk, it wetterskip en de lânbou. It wurdt in sykjen tusken maatwurk en algemiene maatregels.

In saneamde maatskiplike bate-analyze moat de provinsje helpe om in goeie kar te meitsjen. De nije PvdA-deputearre Douwe Hoogland mei besykje om dit proses yn goeie banen te lieden. De belangen binne grut, want ek as der neat dien wurdt sil it delgean fan de boaiem yn it gebiet in soad jild kostje oan ekstra kosten foar wetter- en dykbehear.

Húsfêsting yn Fryslân

Om de leefberens op it plattelân te befoarderjen wol de provinsje de kommende fyftjin jier romte jaan oan tydlike húsfêsting. Fleksibele wenten kinne ynset wurde as starterswenten foar jongerein, mar ek as âlderenwente of as ferbliuw foar bûtenlânske wurknimmers yn it kassegebiet yn Noardwest-Fryslân.

As de huzen yn in doarp net mear nedich binne, kinne se ferpleatst wurde nei in oar plak, dêr't wol ferlet is fan mear wenromte. Ek op de Waadeilannen kinne tydlike wenten in oplossing wêze.

De provinsje wol de kommende jierren in stikmannich foarbylden fan fleksibele sirkulêre húsfesting realisearje. Troch de kommende jierren yn te setten op fleksibele húsfêsting wol de provinsje antisipearje op demografyske feroaringen lykas krimp en fierdere fergrizing op it plattelân.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Flugger nei de Rânestêd

De treinferbining fan Fryslân nei de Rânestêd wurdt, as it oan de provinsje leit, 30 minuten flugger. Wat hjirby mooglik helpe kin is it ferfangen fan de spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal troch in akwadukt. De provinsje wol hjir de kommende jierren ôfspraken oer meitsje mei it Ryk.

Dêrnjonken stipet Fryslân de ambysje foar it oanlizzen fan de Lelylijn tusken Grins en Lelystêd fia Drachten en It Hearrenfean. In maatskiplike koste- bate-analyze moat útwize oft dy spoarferbining ek kâns fan slagjen hat.

Sirkulêre miljoenen

De provinsje giet troch mei it ynvestearjen yn sirkulêre ekonomy. Dêr wurdt de kommende jierren mar leafst 21 miljoen euro foar útlutsen. Ynvestearringen yn duorsume ynnovaasje moatte derfoar soargje dat Fryslân 'de meast sirkulêre regio' fan Europa wurdt. It jild wurdt ûnder oare ynset om it midden- en lytsbedriuw te helpen om sirkulêrder te wurkjen en dêr ek jild mei te fertsjinjen.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

Kulturele plannen

It erfskip fan de kulturele haadstêd is ek wichtich foar de provinsje. Der is dêrom in lytse 10 miljoen euro beskikber foar kulturele aktiviteiten, mar dy moatte wol oantoanber 'positive ekonomyske effekten' hawwe. Foar it Iepen Mienskipsfûns is de kommende jierren 12 miljoen euro beskikber. Mei dat jild wol de provinsje mei-inoar mar leafst 750 projekten op it mêd fan leefberens stypje.

Om alle ambysjes op it mêd fan 'brede wolfeart' te realisearjen hopet de provinsje 130 miljoen oan Europeeske subsydzjes binnen te heljen. De provinsje hat sels 36 miljoen euro reservearre oan ko-finansieringsjild om dat mooglik te meitsjen.

Topsporteveneminten

It nije kolleezje fan Deputearre Steaten hat ta beslút ek ambysjes op sportyf mêd. It nije kolleezje stribbet nei it binnenslepen fan 'ynternasjonale topsporteveneminten', wêrûnder ien ynternasjonale wielerronde, lykas de Tour de France, de Giro d'Italia of de Vuelta.

(Advertinsje)
(Advertinsje)