Friezinne ûnterjochte ynskreaun yn Grins: "Ik bin Fries yn ieren en sinen!"

It sil dy mar oerkomme. Do wennest yn Dokkum en hast it goed nei de sin, ast ynienen te hearren krijst datst ynwenner fan Grins wurden bist. Sûnder datst dêr ynfloed op hast en sûnder datst it wolst, in Friezinne yn Grins... It oerkaam Ytsje Prins fan Dokkum. Mei it oerskriuwen fan har soan is sy by ûngelok ek oerskreaun. "Myn soan kin hiel goed op eigen fuotten stean. Ik hoech echt net mei, hear."
Ytsje Prins fan Dokkum, dy't no ynienen Grinslanner is © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
"Myn soan studearret yn Grins en hy wennet yn Grins", fertelt Ytsje. "Begjin juny hat hy him oerskriuwe litten fan Dokkum nei Grins." Ytsje har soan woe in ynboelfersekering, in betingst dêrfoar wie dat hy ek yn de gemeente Grins ynskreaun stiet. Oant safier alles goed, it ferhûzjen koe maklik digitaal regele wurde.
Mar doe begûn de ellinde. "Myn soan krige ynienen in brief fan de belesting dy't oan my rjochte wie, op syn adres yn Grins", seit Ytsje Prins. "Der lei dus al in brief mei heffingen dy't ik betelje moast foar it ferhúzjen nei Grins."
Hommels wie Ytsje dus 'ferhuze' nei Grinslân. "As it no nei Drinte wie dan wie dat noch oant dêr oan ta... Mar nei Grinslân, noait net!"

"Hiel eigenaardich dat it samar kin"

Ytsje: "Ik bin Fries yn ieren en sinen, hjir haw ik gjin belang by!", dat is wat sy tocht. Al har gegevens binne fan Noardeast-Fryslân nei Grins gien. Neffens de gemeente Grins hat har soan mooglik by ûngelok oanjûn dat har mem ek mei gie. "It is in hiele lestige situaasje. Ik fyn it hiel eigenaardich dat it samar kin sûnder dat ik der sels ynfloed op hie."
"Myn soan kin hiel goed op eigen fuotten stean," seit Ytsje. "Ik hoech echt net mei, hear." Sy kin der aldergeloks noch wol in bytsje om laitsje. "Ik mocht by myn man útfanhûs yn Dokkum ôfrûne jûn", laket sy.

Hoe kin soks barre?

Dochs fynt sy it net leuk wat der bard is. "Jan en alleman soe sokke gegevens samar oersette kinne, sa docht bliken. En dan moatst sels mar sjen datst it wer ûngedien makkest. Myn soan sil der no mei dwaande."
"Stel dy foar dat ik in hiele minne relaasje hawwe soe mei myn soan. Dan soe hy om myn part myn gegevens samar nei Amearika oersette kinne." Ytsje Prins wurket yn de soarch en fanwegen de AVG mei sy net iens mear in namme op it prikboerd hingje op it wurk. Mar al har gegevens trochstjoere nei in oare gemeente mei blykber wol samar, jout sy oan.

Jacuzzi as skeafergoeding

Noardeast-Fryslân sei dat it net de skuld wie fan de gemeente en stjoerde har troch nei Grins om dêr mar ferhaal te heljen. De gemeente Grins wol net reagearje op it ferhaal en seit dat Ytsje har soan wierskynlik in fersin makke hat.
Ytsje fynt it bespotlik en jout oan dat sy eins wol in skeafergoeding krije wol: "Ik hie wol nocht oan in jacuzzi yn de tún, dus in pear tûzen euro of sa... Soks moat echt net samar barre kinne, sûnder tastimming."
It is noch net alles. Har soan sil op fakânsje en hat yn Dokkum in paspoart oanfrege. Dy leit klear op it stêdhûs om op te heljen, mar om't hy no oerskreaun is nei Grins, moat it paspoart no út Grins wei helle wurde.
Ferslachjouwer Bauke Deelstra by de 'Grinslânske' Ytsje Prins