Noch hieltyd gjin skeppe yn de grûn foar bioskoop Pathé yn Ljouwert

18 jun 2019 - 11:59

It wurk oan de nije bioskoop fan Pathé yn Ljouwert is neffens in wurdfierder fan de bioskoop úteinset, mar op de lokaasje is der noch neat te sjen. Der stean al moannen stekken om it bouplak hinne sûnder fierdere aktiviteit. De bou fan it bioskoopkompleks soe yn maaie fierder gean.

'We zijn aan het plannen, die voorbereiding kost tijd,' seit in wurdfierder fan Pathé. Op de fraach oft de oanlis foar of nei de boufak begjint, kin de organisaasje noch gjin antwurd jaan.

Trefwurden: 
Ljouwert Pathé bioskoop
(advertinsje)
(advertinsje)