Slachter kin gûnen net ynleverje by Nederlandsche Bank

Slachter Johannes Hoekstra kin syn gûnen net ynleverje by de Nederlandsche Bank omdat dy allinnich noch âld jild akseptearret fan partikulieren. De slachter wit no net wat er dwaan sil. Hy wurdt ek plat belle en maild troch samlers dy't it jild graach fan him oernimme wolle.
© Google Street View
Ofrûne sneon hold de slachter in ludike aksje fanwege it 25-jierrich bestean fan syn saak. Minsken koene dy dei fleis by him keapje foar in âlderwetske priis en mei âlderwetsk jild: gûnen dus. Se koene allinne mei briefkejild betelje. De aksje smiet mar leafst 7.000 gûne op en de slachter waard oerladen troch publisiteit.

Falsk briefke

By de ynlevere briefkes sieten ek trije briefkes dy't er net brûke kin: in briefke fan 10 en ien fan 100 dy't te âld binne om sawier yn te leverjen en in falsk briefke fan 100 mei in ôfbylding fan Geert Wilders der op. "Dy binne der yn de drokte tuskentroch glipt. No ja, dat kin barre", reagearret er lakonyk.
Hoekstra wol efkes rêstich neitinke oer wat er no mei it jild dwaan sil. "Ynleverje as partikulier soe miskien ek wol kinne, mar ik wit net wat foar effekt dat hat op myn ynkomstebelesting. Miskien ferkeapje ik de briefkes ek wol troch oan samlers".
De slachter is al dagen drok mei syn ludike aksje. "Ik wol hast wol wer ris gewoan oan it wurk, want dêr moat ik it mei fertsjinje".