Freondinnen yn rammelbak nei Boedapest foar pleechgesin út Sint-Jabik

Bianca Wijnsma en Ytsje Damstra, buorfrouwen út Hurdegaryp, sette yn septimber útein mei de Rammelbakkenreis. Yn 7 dagen reizgje sy fan Breda nei Boedapest yn Hongarije. Dat dogge sy yn in âld barrel dat maksimaal 750 euro wêze mei. De reis is net it eindoel, dat is harren pleechgesin út Sint-Jabik. Yn april 2019 gie de buorkerij fan Anneke de Groot en har 14 pleechbern ferlern by in grutte brân. Dizze roadtrip moat jild foar de hûshâlding byinoar harkje.
De freondinnen út Hurdegaryp hawwe nul ferstân fan auto's, technyk en navigaasje. Dochs dogge sy tusken 150 oare teams mei oan de saneamde Rammelbakkenreis, dy't op 15 septimber yn Breda begjint. Fia Dútslân en Tsjechië ride sy nei Boedapest yn Hongarije. De weromreis liedt harren troch Kroäsië, Slovenië, Eastenryk en Dútslân.

Goed doel

Mei de rit wolle de twa froulju jild byien sammelje foar de hûshâlding fan Anneke de Groot fan Sint-Jabik. Yn april rekke har hûs yn 'e brân, al harren besittings giene ferlern. Yn de pleats waard pleechsoarch jûn oan 14 bern. Dy rekken troch de brân harren feilich thús kwyt.

Spanning

De froulju jouwe oan dochs wol senuweftich te wêzen: by it tv-programma De gevaarlijkste wegen van de Wereld moasten sy suver nei in bôlepûdsje gripe om wer rêstich syk te heljen. Sy nimme in opblaasbere tinte mei op reis. Net samar. Sy wolle foarkomme, sa sizze sy sels, 'dat onze klungelige kampeercapaciteiten het hoofdvermaak van de reis gaan worden.'
Ytsje en Bianca binne fia harren Facebookside te folgjen op harren reis en dêr binne ek alle aspekten dêrfan te finen: de drokte fan it tarieden, de oproppen foar help en de besite oan harren pleechgesin mei it ferhaal fan de brân. Dêr is ek te sjen hoe't jo in bydrage leverje kinne.