Graffity-artysten nimme De Klanderij ûnder hannen

18 jun 2019 - 11:16

De ien fynt it fandalisme, wylst de oar it sjocht as hegere keunst: graffity. Rûnom yn de Fryske haadstêd binne wiidweidige tekeningen te finen fan it kollektyf Writer's Block. En dat wurde der mear, want takom moanne komt der in grut graffity-festival nei Ljouwert, ûnder de namme Writer's Block Jam.

Foto: Omrop Fryslan

Yn totaal tritich graffitykeunstners út hiel Europa sille fan 12 oant en mei 14 july parkeargaraazje De Klanderij ûnder hannen nimme. It is de bedoeling dat der sawol oan de binnen- as oan de bûtenkant fan de garaazje spuite wurdt. Besikers kinne fergees in rûnlieding krije, om te hearren nei de ferhalen achter de publike keunst.

"Dat we binnen een jaar al een stuk of tien grote murals hebben kunnen realiseren in de stad is al fantastisch, maar met deze jam waarbij een complete parkeergarage gaan transformeren, is een dream come true", sizze Peter Reen en Serge Hollander fan de organisaasje.

De graffity-artysten komme ûnder oare út Dútslân, Bulgarije, Italië en Spanje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)