Ljouwerter fersoargingshûs wurdt omboud ta apparteminten

18 jun 2019 - 10:32

It Ljouwerter fersoargingshûs Het Nieuwe Hoek en de oanleunwenten Amelandshof en Catharinahof komme yn nije hannen, en wurde foar in part omboud ta apparteminten. It fersoargingskompleks stie al in skoftke leech, en is no ferkocht oan in partikuliere belizzer.

Foto: Habion

De minsken dy't no noch yn de oanleunwenten wenje, kinne yn har hûs sitten bliuwe. Under de betingsten dy't se no ek hawwe. Het Nieuwe Hoek sil renovearre wurde, en krijt apparteminten.

Het Nieuwe Hoek foldocht net mear oan de easken foar in fersoargingshûs, en dêrom keas eigener Habion derfoar om it op de merk te bringen. Om't Habion in wenningboukorporaasje is, wie goedkarring fan de autoriteit Woningcorporaties nedich foar de ferkeap. Dizze is hjirmei akkoart gien.

(Advertinsje)
(Advertinsje)