FIDEO: Wa binne de nije deputearren fan de provinsje Fryslân?

18 jun 2019 - 09:37

Deputearre Steaten presintearret dizze tiisdei de plannen foar de kommende fjouwer jier. De deputearren Sietske Poepjes (CDA), Sander de Rouwe (CDA) en Johannes Kramer (FNP) komme werom en Avine Fokkens (VVD) en Douwe Hoogland (PvdA) binne nij. Wa binne sy? En wat binne har ideeën en falkûlen?

It Provinsjehûs yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Avine Fokkens (VVD) is mem fan fjouwer bern en wurket (no noch) by de rjochtbank. Se sjocht it as in útdaging om har saken net persoanlik oan te lûken. "Dat ik dat niet teveel op mezelf betrek."

Se hat betrouwen yn it nije kolleezje. "We zijn vier verschillende partijen, maar hebben goed naar elkaar geluisterd wat en waarom we belangrijk vinden. Dat schept een band en dat geeft een goede basis."

Johannes Kramer (FNP) is 51 jier en wennet yn Sibrandabuorren mei syn frou en hat fjouwer bern. Hy hat al goed acht jier ûnderfining as deputearre en wie dêrfoar al fraksjefoarsitter fan de FNP.

Wat binne de grutste útdagingen fan it kolleezje fan deputearre steaten foar de kommende perioade? "Hoe om te gean mei it klimaatakkoart", sa fertelt er. "En it is saak om elkenien derby te hâlden yn Fryslân."

Douwe Hoogland (PvdA) wennet yn Aldtsjerk en hat trije bern. Fan oarsprong is Hoogland boer, mar hy is de ôfrûne jierren njonken dy wurksumheden tichter by de polityk kommen.

Wat de Aldtsjerker de kommende jierren berikke wol? "Earst mar ris steande sjen te bliuwen, want it is in drokke funksje", sa fertelt er. "Njonken dat binne der klimaatdoelen dêr't wy oan foldwaan moatte, de regionale enerzjy strategy en fansels it ferbetterjen fan de biodiversiteit."

Sietske Poepjes (CDA) is 39 jier en wennet yn Makkum. Se siet fan 2007 oant 2011 yn de steaten en is no al acht jier deputearre fan de provinsje Fryslân. Dêrfoar hat Poepjes jierrenlang by de eardere gemeente Lemsterlân wurke.

"Minsken yn Fryslân sjen litte dat wy der foar harren binne", dat is ien fan har wichtichste prinsipes yn it wurk. Dêrnjonken wol Sietske Poepjes de kommende perioade wurkje oan de enerzjytransysje. "Sjen litte dat wy it oars dwaan kinne."

Sander de Rouwe (CDA) is mei syn 38 jier de jongste fan de fiif deputearren. Hy wennet yn Boalsert en hat sân bern. Foar De Rouwe wurdt it syn twadde termyn as deputearre. Earder wie hy Twadde Keamerlid en gemeenteriedslid.

Fan it ûnderdiel wêzen fan in team, dêr kriget Sander de Rouwe enerzjy fan. En fan winne. De kommende jierren wol er him sterk meitsje foar de 'bredere welvaart'; derfoar soargje dat minsken mear fertsjinje, mar ek dat se tefreden binne. "Dat byelkoar bringe, dat soe moai wêze", sa fynt er.

It folsleine kolleezje-akkoart wurdt tiisdei presintearre. Dêryn steane de plannen oer wynmûnen, de oanpak fan it feangreidegebiet, de finânsjes en de Lelylijn, de flugge spoarline fan Grins oer Drachten en It Hearrenfean nei Lelystêd.

(advertinsje)
(advertinsje)