Kollum: "Terrortyk"

"Yn slow-motion sjogge jimme in bleat kût. Dat beweecht troch heech gers. In pear meter fierderop sit in ynsekt dat op in spin liket. Dat komt om't it in spin is. Dy is net grutter as twa milimeter, mar alles sit derop en deroan. It kût is noch in inkeld stap by it spintsje wei. Dat wurdt entûsjast, begjint mei de poaten te wrimeljen. It docht nammentlik bliken dat er dêrmei rûkt. De spin is sa goed as blyn, en de natuer hat it sa beskikt dat er him ynstee fan sicht no mei geur op in proai oriïntearje kin.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
Mei in suiskjend lûd komt it kût tichteby. De spin docht in koart ynsektegebed. It kût rekket it gerssprútsje, de spin lit him falle en sûget him mei in wyld bûnzjend hert oan syn proai fêst. Hoewol't sûgjen in eufemisme is. Wat de spin eins docht is him yngrave. Hy fret him in paad troch it fel om him pas dêrnei fol te sûgjen mei it bloed fan syn proai. Foar't it lykwols safier is hat er earst it meast gaadlike plakje opsocht. By foarkar ien dat waarm, tsjuster en fochtich is. As de proai in bytsje mazzel hat is dat de hokse, de knibbelholte, of in earmsholte. Mar ek yntime sônes komme yn 'e beneaming. Sa't in boskwachter ris sei: 'Tiken sitte soms op plakken dêr't sels myn frou net by kin.'
No is it sa dat de tyk syn minne reputaasje te tankjen hat oan de sykte fan Lyme. Ien op 'e fiif tiken hat de saneamde Borellia-baktearje by him. Dy baktearje is ferantwurdlik foar de sykte fan Lyme. It is dus net sa dat elke ferkrêfting troch in tyk desastreuze gefolgen hat.
Likegoed is it wichtich om alert te wêzen nei in slach troch de tún, in kuier yn 'e bosk of in picknick yn it park. De foarljochting foar wat it risiko fan in tikebyt oangiet is de lêste jierren op peil. Der is in 'Week van de teek', men kin 'tekenradar.nl' besykje en alle dokters en apotekers hawwe ynformaasje oer it foarkommen en behanneljen fan in tikebyt. It gefaar tyk, mei oare wurden, is ûnder kontrôle.
Oant ferline wike. Want doe kaam it berjocht oer de Terrortyk. In mutaasje fan Chernobyl-eftige proporsjes. Biolooch en tikedeskundige Fedor Gassner seit dat it in folslein oar ynsekt is as de skieppetyk dy't wy kenne. 'Hy is trije kear sa grut, hat eagen, kin rinne en sykten oerdrage dy't op Ebola lykje. It is in jager. Mei syn lange poaten kin de parasyt in potinsjele gasthear achternei sitte. Dat kin er wol hûndert meter folhâlde.' Tige tank foar it fersteuren fan de nachtrêst, Fedor Gassner.
Der komt nochris in tiid dat wy de gewoane tyk mar in suertsje fine. Oant it safier is sjogge jimme noch de eigener fan it bleate kût. Dy sit yn in ûnmooglike posysje mei in tiketange te maneuveljen. Uteinlik hat er dy teplak en lûkt er it opswolle liif fan de tyk derút. Hy leit de parasyt op it tegelpaad, krijt in skroevedraaier en stekt him midstwa. Under de ôftiteling klinkt muzyk fan Take That."