Fryske hannelsmissy yn ierdbevingsgebiet Sichuan

De Fryske hannelsmissy dy't op dit stuit yn de súdwestlike provinsje Sichuan yn Sina sit, hat de ierdbeving fan moandeitejûn goed field. Om 11 oere jûns, lokale tiid, waard it gebiet troffen troch in ierdbeving mei in krêft fan 5,1. By de beving binne meardere deaden en ferwûnen fallen.
Argyffoto fan foarige ierdbeving yn it gebiet © ANP
De Fryske delegaasje hearde ruten rinkeljen, en fielde de ierde skodzjen doe't se yn harren hotelkeamer sieten. It episintrum fan de beving lei neffens parseburo Xinhua krekt bûten de stêd Yibin. De slachtoffers foelen allegearre yn de regio's Changing en Gongxian, súdlik fan Yibin. De provinsje Sichuan dêr't de Friezen no binne, hat faker te krijen mei ierdbevingen.
De Fryske delegaasje fan fyftjin Fryske bedriuwen en deputearre Kielstra is krekt dit wykein oankaam yn Sichuan. De reis is in ûnderdiel fan in strategy fan meardere jierren, dy't provinsje Fryslân dit jier úteinset hat. De provinsje wol Fryslân in Sina better posisjonearje en ek it dwaan fan saken makliker meitsje foar Fryske bedriuwen en bygelyks skoallen.