Fryske universiteit ferwachtet de kommende jierren in enoarme groei

18 jun 2019 - 06:04

Fan 27 studinten no sil de Fryske universiteit binnen in pear jier útgroeie ta goed 1.000 studinten. Dat is de ferwachting fan dekaan Andrej Zwitter fan wat offisjeel de Campus Fryslân fan de Rijksuniversiteit Groningen hjit.

"Maar nu er twee Friezen zitten in het hoofdbestuur fan de universiteit kan die naam zomaar veranderen," sa seit Zwitter. In grapke fansels, sa seit de dekaan, mar dizze Fryske lokaasje fan de Grinzer universiteit is wol echt oars. "Wij willen echt onderdeel zijn van de Friese gemeenschap, zoals ook de universiteit van Franker dat ooit was."

Dizze wike ferhuzet de Campus Fryslân offisjeel nei har nije lokaasje yn it sintrum fan Ljouwert. In promininte lokaasje, want de universiteit hat keazen foar it eardere beursgebou, foarhinne de lokaasje fan de Ljouwerter biblioteek. De ôfrûne moannen is de Beurs folslein ferboud om klear te wêzen foar de ferwachte groei oan studinten. Tsientallen wurkplakken, kolleezjesealen en gearkomsteromten binne ynrjochten. Derby is der safolle mooglik gebrûk makke fan de grutte ruten dy't oeral al sieten.

Foto: Omrop Fryslân

"Die grote ramen moeten er niet alleen voor zorgen dat wij naar buiten kunnen kijken, maar ook dat de rest van Fryslân naar binnen kan kijken. Het is de bedoeling dat wij niet ons werk blijven doen in de spreekwoordelijke ivoren toren", sa seit Zwitter. "Maar dat we een universiteit zijn voor iedereen. Mensen moeten hier binnen kunnen lopen en bij lezingen is iedereen welkom."

Foto: Omrop Fryslân

Zwitter hat in ideaalbyld foar syn universiteit foar eagen. It moat neffens him in selde rol krije as ea de universiteit fan Frjentsjer. Neffens him wie dat ek in universiteit mei each foar it Frysk eigene en wie ek dy universiteit echt ûnderdiel fan de mienskip. Mar it bliuwt fansels wol de bedoeling om studinten binnen te heljen. Yn alle gefallen tûzen studinten.

"Die duizend zijn echt nodig om de Campus Fryslân financieel aantrekkelijk te houden." Neffens Zwitter moat dat gjin inkeld probleem wêze. It probleem sil benammen wêze om de groei yn de hân te hâlden. "We willen heel graag groeien, maar niet te snel. Want dan komt de kwaliteit van het onderwijs en het onderzoek in gevaar."

Het is de bedoeling dat wij niet ons werk blijven doen in de spreekwoordelijke ivoren toren.

Andrej Zwitter, dekaan Campus Fryslân

Om dy groei foar inoar te krijen moat der earst ynvestearre wurde yn nije opliedingen. De universiteit wurket derfoar gear mei ûnder oaren hegeskoalle NHL/Stenden, mar ek mei oare partijen yn Fryslân. "De opleidingen die wij bieden moeten wel echt iets met de regio te maken hebben."

Wannear't de tûzen krekt helle wurdt, dat doart Andrej Zwitter net te foarsizzen. Mar neffens him hâldt dernei de groei noch net op. Uteinlik wol hy noch mear studinten lûke. Mar dan sil it Beursgebou yntusken te lyts wêze en sil der útsjoen wurde moatte nei in ekstra lokaasje.

Harkje nei de reportaazje fan ferslachjouwer Wytse Vellinga

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)