Pelle van Amersfoort makket oerstap nei de nûmer fjouwer fan Poalen

17 jun 2019 - 22:35

SC Hearrenfean-spiler Pelle van Amersfoort spilet takom seizoen foar Cracovia Kraków. De oanfallende middenfjilder tekenet in kontrakt foar trije seizoenen by de nûmer fjouwer fan de heechste Poalske kompetysje, de Ekstraklasa.

Foto: OrangePictures

De 23-jierige fuotballer makke yn 2014 syn debút foar it earste alvetal fan Sportklup Hearrenfean, dêr't hy al sûnt 2012 yn de jeugdopleiding siet. Yn totaal kaam hy ta 103 optredens foar de Fryske earedifyzjonist, wêryn't er alve kear skoarde en tsien assists joech.

Ofrinnend kontrakt

Hearrenfean krijt gjin fergoeding fan de Poalske klup foar Van Amersfoort, om't er in ôfrinnend kontrakt hie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)