Blinddate-sesje moat gat tusken boeren en burgers oerbrêgje

17 jun 2019 - 22:26

'Boer siket boarger', sa soene jo it neame kinne. It wie in bysûnder barren moandei op de klompe-pleats yn Nijhuzum. Der wiene blinddate-sesjes en de organisaasje spruts sels fan 'relaasjeterapy foar boer en boarger'. It doel wie lykwols net om boeren oan de frou te helpen.

Janneke de Haan tusken boerin Janke Jeltsje en har dochter Djura van Dijk - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It blykt te gean om it saneamde community-art projekt 'Molke 2.0' fan Janneke de Haan en Willy fan Assen. Takom jier moat der in grutte lokaasjefoarstelling komme oer it gat tusken boer en boarger: 'De reis fan de molke'. Dy foarstelling sil begjinne op fjouwer melkfeebedriuwen en giet dêrnei efter de molkauto oan nei it molkfabryk en it distribúsjesintrum. Doel is om yn de foarstelling yn byld te bringen wat it gat tusken boer en boarger is en of en hoe't dy te oerbrêgjen is.

Speeddates

Om te witten wat der krekt libbet, garje de artistyk lieders Janneke en Willy harren ynformaasje by dizze speeddates. Boerinne Janke Jeltsje van Dijk fan de klompe-pleats wurket mei har hiele húshâlding graach mei. "Wy ha der alle belang by dat boargers witte hoe't wy buorkje en hokker karren as we dêryn meitsje. Oan de oare kant moatte wy ek ree wêze om te harkjen nei wat boargers fan ús freegje. Dat is bygelyks ien fan de redenen wêrom't ús kij sa folle mooglik bûten rinne."

Yn septimber folget noch in 'snelkookpanweekend' mei keunstners, akteurs en dûnsers dy't earst in lytse foarstelling meitsje. Yn 2020 moat dan de grutte foarstelling Molke 2.0 klear wêze om yn premjêre te gean.

Harkje nei de bydrage fan ferslachjouwer René Koster

(Advertinsje)
(Advertinsje)