Dyk troch it Fochtelerfean jûns ôfsletten om jonge kraanfûgels

17 jun 2019 - 21:28

De Fochtelerfeanwei by De Fochtel wurdt de kommende tiid gauris ôfsletten foar ferkear. De ôfsluting hat in bysûndere reden: jonge kraanfûgels wurdt sa de kâns jûn om feilich de dyk oer te stekken.

Foto: H. Feenstra

Ferline jier ferstoaren twa jonge kraanfûgels fanwegen it ferkear op de dyk. Nei't in pearke earder dit jier sûnder sukses besocht te brieden, is it twa pearkes kraanfûgels no wol slagge aaien út te brieden. De fûgels sykje no om fretten en rinne dêrom in soad oer de dyk, dy't dwers troch it natuergebiet giet.

Fûgels op 'e strûn

De piken kinne pas oer in pear wiken fleane. Dat makket de fûgels kwetsber. Om't de kraanfûgels fanwegen de drûchte mear muoite as oars hawwe om wetter te finen, is de kâns grutter dat se regelmjittich op 'e strûn sille.

It Fochtelerfean is it wichtichste briedgebiet fan kraanfûgels yn Nederlân. De provinsje, de gemeente Eaststellingwerf en Natuurmonumenten nimme sadwaande maatregels yn it ramt fan de wet natuerbeskerming.

Kommende tiid faker ôfsletten

Nei alle gedachten wurdt de dyk de kommende tiid noch wolris faker jûns ôfsletten. De maatregel duorret oant healwei july. De boskwachter yn it gebiet hâldt de fûgels de kommende tiid yn 'e gaten.

Der binne net in hiel soad kraanfûgels yn ús lân. Sûnt 2001 briede de fûgels yn ús lân. It tal briedpearkes is lyts, mar groeit de ôfrûne jierren wol stadichoan. De measte pearkes sitte yn it Fochtelerfean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)