Trije liuwen fan Felida yn Nijeberkeap knappe alwer op nei operaasjes

17 jun 2019 - 20:04

Begjin maaie binne trije liuwen rêden út in bistetún yn Albanië en nei Nederlân brocht. Sûnt in pear wike sitte se yn de rôfbiste-opfang Felida yn Nijeberkeap. Yn it wykein binne de liuwen medysk ûnder hannen nommen.

Foto: Stichting Vier Voeters

"Het was voor de leeuwen pittig, maar ook voor het team en de dierenartsen", sa fertelt Barbara van Genne fan de rôfbiste-opfang. "De leeuwen hebben heel lang geleefd in slechte omstandigheden. We wisten al dat ze bijvoorbeeld problemen met hun gebit hadden. Ze hebben een tijdje kunnen wennen, maar afgelopen weekend was het tijd voor de veterinaire check."

Behannelingen

Dêrfoar waarden twa spesjale bistedokters ynskeakele. "We hebben een wildlife-dierenarts laten komen en een tandheelkundige dierenarts. Het zijn namelijk hele heftige behandelingen. Ze zijn nu rustig aan het herstellen en ze eten alweer wat. Maar ze hebben nog even tijd nodig."

Takomst

De kommende tiid bliuwe de liuwen yn Nijeberkeap. Oft se dêrnei fuortgean, is noch net wis. "Dat hangt af van hoe het met ze gaat, maar ze blijven nog sowieso een jaar in Felida. Op termijn zou het mooi zijn als ze naar het reservaat in Zuid-Afrika kunnen."

Barbara van Genne fan Felida

(advertinsje)
(advertinsje)