Ferkearshinder op 'e Ofslútdyk duorret oant 2023

Fan takom wike moandei ôf sil it ferkear op de Ofslútdyk fjouwer jier lang lêst hawwe fan wurksumheden. Al dy tiid is ien fan de rydstroken ôfsletten. Foaral yn de spits en as de brêge iepen is kin der in soad fertraging ûntstean. Ek oan it begjin en oan de ein fan fakânsjeperioaden ferwachtet Rykswettersteat files.
Ofslútdyk © Shutterstock.com
Rykswettersteat is dwaande mei it fersterkjen fan de Ofslútdyk. De 32 kilometer lange dyk wurdt twa meter ophege. Fierder komme der kearslûzen en ekstra spuislûzen yn de dyk en grutte pompen, dy't nedich binne om by ekstreme waarsomstannichheden wetter ôf te fieren út de Iselmar nei de Waadsee.
It wurk wurdt kombinearre mei oare wurksumheden: de snelwei A7 wurdt ferbettere mei nij asfalt en in bredere flechtstreek en der komt in permaninte iepening yn de Ofslútdyk foar fisken, de fiskmigraasjerivier.

Fytspaad

It fytspaad lâns de Ofslútdyk is oant de ein fan dit jier sletten. Fan 2020 oant april 2022 is it fytspaad bytiden hielendal of foar in part ôfsletten. Op fjouwer sneinen - 23 juny, 21 july, 4 augustus en 18 augustus - wurdt it fytspaad dizze simmer wer iepene foar fytsers en kuierders.