Carel Kraayenhof: "Tangomuziek past perfect bij Oerol"

17 jun 2019 - 18:30

Tangofenomeen Carel Kraayenhof is hielendal yn syn elemint op Oerol. Hy hat noch nea op Oerol spile en hat it festival ek noch nea besocht. Mar de tangomuzyk past perfekt by it Skylger festival sa fynt hy. Ek dit fynt faak yn de bûtenloft plak. Kraayenhof spilet in rol yn Lost Tango fan Orkater, Via Berlin en Ragazze Quartet yn de dunen. Hy sit yn in rolstoel en spilet op syn fertroude bandoneon. Mei dit muzykynstrumint soarge hy foar de triennen fan keninginne Máxima op de brulloft mei kening Willem-Alexander yn 2002. Sûnt dizze tiid is Kraayenhof in tangofenomeen.

(advertinsje)
(advertinsje)