Aksje mei 'âld jild' by Ljouwerter slachter smyt 7.000 gûne op

17 jun 2019 - 17:03

By slachterij De Schrans yn Ljouwert wie it in gekkehûs yn it ôfrûne wykein. Slachter Johannes Hoekstra hie in ludike aksje betocht om it 25-jierrich jubileum fan syn saak te fieren: klanten koene harren fleis betelje mei gûnebiljetten.

Foto: ANP

"It wie in gek wykein", seit Jilt Zuidema fan de slachter. "Minsken koenen yn gûnen betelje en krigen it wikseljild yn euro's werom. It wie in 'drukte van jewelste'. Der is sântûzen gûne oan briefkejild ynlevere. Dus de aksje is wol aardich slagge. We ha der gjin spyt fan." De klanten kamen oeral wei, sels út Zwolle. "Oer 25 jier kinne we it noch wol in kear dwaan."

Mar de drokte wie moandei noch net oer. "It wie hjoed noch drokker, mei telefoan en filmerij. We ha trije telefoanlinen en dy binne hieltyd beset. Ik soe fan alles meitsje, mar ha noch neat makke. Dat sjit der by yn."

It jild moatte se noch ynleverje by de bank. "Dat skynt lestich te wêzen, om't we in bedriuw binne. Mar minsken belje en maile ús ek dat se it wol oernimme wolle, it binne samlers. Dus we moatte noch even besjen wat we dogge."

Neffens De Nederlandsche Bank soenen der noch 25 miljoen âlde biljetten ûnder matrassen, achter plinten of yn ferswierre klûzen sitte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)