Fuort út Ferwert: Konsjerzje Annie wurket der al 38 jier

17 jun 2019 - 16:47

It binne de lêste wiken fan it Dockinga College yn Ferwert. As de simmerfakânsje begjint, slute de doarren foargoed. Yn dizze lêste wiken folgje wy meiwurkers en skoalbern. Dizze kear is dat konsjerzje Annie Boersma, dy't al 38 jier op it Dockinga College wurket. "Ik hoopje dat ik helpe mei by it opromjen fan it allerlêste guod út myn skoalle."

Yn 1981 begûn Annie as skjinmakker by it Dockinga College yn Ferwert, mar de lêste tsjier jier is Annie ek aktyf as konsjerzje. Moarns kofje en tee sette foar de dosinten, de hekken iepenje foar de learlingen en de telefoan opnimme: it binne allegear taken fan Annie. "Noch fjouwer wiken, dan hâldt dit op. Ik hie net ferwachte dat it sa rap gean soe. Ik moat noch in jier wurkje, oant myn pensjoen, mar spitich genôch slagget it net om myn pensjoen hjir te heljen."

Hiel stil

Wat der krekt barre sil mei Annie, is noch net wis. "Ik ha in fêste oanstelling, dus ik bin benijd wêr't ik oan de slach gean. As it moat dan gean ik nei Dokkum." Dat sil wol efkes wennen wêze. "Ik wenje op in minút rinnen fan de skoalle. Sa lúkse hat hast net ien it." Ek foar it doarp Ferwert is de sluting fan de skoalle in gemis, fynt Annie. "Ik tink dat it hjir hiel stil wurdt."

It grutste gemis

Sels sil Annie benammen it kontakt mei de bern misse. "Ik kin hiel goed mei de learlingen opsjitte. Yn de kantine steane banken foar de fjirdeklassers. Yn it skoft meitsje ik geregeld in praatsje of bied ik se kofje oan dy't oerbleaun is. Dat sil ik it allermeaste misse: it kontakt mei de bern."

Besjoch ek eardere berjochten út de rige 'Fuort út Ferwert'.

Fuort út Ferwert

It nijs sloech in pear moanne lyn yn as in bom: de fêstiging fan it Dockinga College yn Ferwert giet ein fan dit skoaljier ticht. De skoalle hat te min learlingen om de holle boppe wetter te hâlden. Dat binne de hurde feiten.

Mar hoe is it op de skoalle, no't de learlingen en de dosinten mei de lêste wiken yn Ferwert oan de gong binne? We folgje de kommende tiid dosinten, learlingen, de lokaasjelieder en oare meiwurkers. Alle moandeis binne we yn Ferwert, of yn de buert fan it doarp, om de ferhalen te hearren fan de minsken fan it Dockinga College.

(advertinsje)
(advertinsje)