Underdiel fan keunstynstallaasje op Oerol is stellen

17 jun 2019 - 16:29

In essinsjeel ûnderdiel fan in keunstynstallaasje fan de Italjaan Marco Barotti is stellen. Alteast, dêr giet de Oerolorganisaasje fan út. It ûnderdiel dat mist, lei yn it wetter fan de Waadsee by Oosterend. Der siet in sensor op, dy't gegevens fan it wetter mjit. Sûnder dy gegevens wurket de keunstynstallaasje net goed.

It ûnderdiel dat mist út de keunstynstallaasje 'Clams' - Foto: eigen foto

De Oerolorganisaasje freget yn in Tweet oft der ek minsken binne dy't de ûnderdielen earne sjoen hawwe. Der wurde noch wol altyd gegevens dy't de sensor oppikt, trochstjoerd. "Het kan zijn dat het ergens in een fietstas ligt", seit Marin de Boer fan Oerol. Der is noch gjin oanjefte dien fan dieverij, mar dat sil noch wol dien wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)