Opnij problemen mei brêge Skûlenboarch

17 jun 2019 - 16:27

De brêge by Skûlenboarch is opnij stikken. Sûnt moandeitemiddei sit de draaibrêge healweis fêst. Sawol de skipfeart as it oare ferkear hat hjir in soad hinder fan.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Der binne faker steuringen by de brêge. Meastentiids kin der net mear tichtdraaid wurde en moat allinnich it ferkear in pear kilometer omride. It is noch net dúdlik wannear de brêge wer brûkt wurde kin. In oannimmer is mei in oplossing dwaande.

Trefwurden: 
brêge Skûlenboarch steuring
(Advertinsje)
(Advertinsje)