Talant op De Jouwer makket kâns op 'Gouden Prokkel'

17 jun 2019 - 15:19

Talant op De Jouwer makket kâns op in 'Gouden Prokkel'. Begjin juny wie de lanlike Prokkelwike dêr't tûzenen minsken mei in ferstanlike beheining elkoar moetsje koenen. Der wienen mear as 400 aktiviteiten organisearre.

Foto: Omrop Fryslân

Ut al dy aktiviteiten binne 15 nominearre foar in 'Gouden Prokkel' yn ferskillende kategoryen. Foar Fryslân makket Talant op De Jouwer kâns yn de kategory ynnovatyf.

De Gouden Prokkels binne bedoeld as ynspiraasje foar oaren: om sjen te litten hoe't se meidwaan kinne oan de Prokkelwike en sa in bydrage leverje kinne oan in mear ynklusive maatskippij.

De priis wurdt 28 juny útrikt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)