FNP Hearrenfean kritysk oer bou apparteminten, fanwegen ferkearsoerlêst

De FNP yn de gemeenteried fan Hearrenfean makket him soargen oer de plannen mei it eardere gebou fan de baptistegemeente, op de hoeke fan de Commandeurstrjitte en de Tuymelaarstrjitte. It gebou is ferline jier ferkocht oan in projektûntwikkeler.
De hoeke fan de Comandeurstrjitte mei de Tuymelaarstrjitte op it Hearrenfean. © Google Streetview
Dizze hat it gebou ferhierd oan Friesland Begeleid Wonen, in soarchorganisaasje dy't op dizze lokaasje in foarsjenning foar begelied wenjen ûntwikkelje wol. It giet om acht units foar minsken dy't - sa stiet op de website fan de organisaasje - tusken wâl en skip driigje te reitsjen.
De FNP-fraksje fan de gemeenteried fan Hearrenfean hat skriftlike fragen oan it kolleezje steld. Sa freget de partij him ôf oft der wol in fergunning ferliend is foar de bou fan de apparteminten.
Troch dy bouaktiviteiten is der ek oerlêst yn de Commandeurstrjitte. It is in lytse strjitte mei oan de iene kant wenningen dy't falle ûnder de kategory sosjale wenningbou en oan de oare kante fan de strjitte in oantal gebouwen, lykas de St. Jozef basisskoalle, ferslavingsoarch Noard-Nederlân, in berne-opfang en dus ek it eardere gebou fan de baptistegemeente Elim.

Dearinnend

Om't it in dearinnende strjitte is, moat ferkear dat der yn giet, dêr op deselde kante der wer út. Dat jildt foar it bringen fan de bern nei de skoalle, mar ek foar it wurkferkear foar de bou fan de apparteminten.
Neffens de FNP stiet it regelmjittich fol mei auto's en ek is der in soad ferkear. Skoalbern wike dêrtroch út nei de stoepe wêrtroch't der gefaarlike situaasjes ûntstean kinne.
Lennie Bronsveld wie by de strjitte