Man rydt mei 242 kilometer yn 'e oere oer Ofslútdyk

17 jun 2019 - 13:37

In 48-jierrige man út Hollandse Kroon is sneintejûn pakt mei 242 kilometer yn 'e oere op de teller wylst er oer de Ofslútdyk ried. In plysjehelikopter wie op dat stuit dwaande mei in surveillanceflecht oer de Ofslútdyk en seach de man mei hege snelheid út Fryslân nei Noard-Hollân riden en warskôge kollega's.

Hurdrider - Foto: Shutterstock.com

By de oanhâlding koe de hurdrider fuortendaliks syn rydbewiis ynleverje. De offisier fan justysje moat in beslút nimme oer de fierdere straf.

Trefwurden: 
Ofslútdyk hurdrider
(Advertinsje)
(Advertinsje)