Identiteit fan deade persoan yn Harns is bekend

De plysje meldt dat se de identiteit ha fan de deade persoan dy't sneontenacht by de spoaroergong yn Harns oantroffen wie.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Op de Ludingaweg wie in melding binnen kaam fan ProRail dat ien oerriden wie troch in trein. Doe't de kollega's dêr kamen, seagen se in libbenleas lichem lizzen. Nei wat sykjen mei help fan Facebook en de resjerzje is de identiteit fêststeld.
De plysje betanket foar de reaksjes en tips.