Organisaasje Promised Land tefreden oer festival

17 jun 2019 - 12:45

Promised Land wie ôfrûne wykein it earste Ljouwerter festival yn de Griene Stjer. De plysje melde in tal ynsidinten lykas in fjochtpartij en drugsbesit, mar dat is mar in lyts bytsje seit de organisaasje.

"It is supergoed gien", fertelt Wiebe Kootstra fan de organisaasje. "It begûn fansels al goed mei dat we fan de gemeente de priis krigen foar skjinste festival fan 2018. Dat is in moaie opstekker."

De buert wie freedtejûn útnûge. "Der wie in grutte respons fan de omwenners. Lûdsoerlêst is de lêste jierren gjin issue mear. Sneon wienen we útferkocht, mei seistûzen man. Der wie in prima sfear. En snein hienen we noch Hollânske muzyk en doe wienen der ek moai wat minsken. En alle dagen moai waar."

Foto: Omrop Fryslân

De plysje melde wat drugsynsidinten. "Der wienen twa, dat fyn ik net folle. We ha in 'zero tolerance' belied, dus elkenien wurdt by de yngong kontrolearre. Op in gewoane stappersjûn binne der mear ynsidinten. Minsken komme hjir om feest te fieren."

(Advertinsje)
(Advertinsje)