Plan foar twaddehânske brêge Aldwâldmersyl falt yn it wetter

17 jun 2019 - 12:11

It ambisjeuze plan om de brêge yn de Wâlddyk by Aldwâldmersyl te ferfangen troch in twaddehânsk eksimplaaar út Ritsumasyl is mislearre, om't de kwaliteit fan it twaddehânske brêgediel net goed genôch mear is. By de ynspeksje die bliken dat it middenstik fan de Ritsumasylster brêge te bros is om op 'e nij te brûken.

Foto: Noardeast-Fryslân

"Skande", fynt projektlieder Boele Dijkstra fan de gemeente. It foardiel is wol dat út it ûndersyk bliken dien hat dat de fundearring fan de hjoeddeistige brêge by Aldwâld noch fan goeie kwaliteit is. Dat hoecht dus net ferfongen te wurden. "Yn stee fan re-use kieze we foar in trede heger op de sirkulêre ljedder, nammentlik re-design", neffens Dijkstra.

Fryske primeur

Mei it plan foar in twaddehânsk brêge hie Aldwâld de primeur op it mêd fan sirkulêr hergebûk fan ynfrastrukturele eleminten. De gemeente sette in advertinsje: 'Gemeente zoekt brug', dêr't in soad reaksje op kaam. "Ta ús grutte ferrassing krigen wy fiif brêgen oanbean", seit Dijkstra. Nei in beoardieling waard keazen foar it bewegende part fan de eardere brêge út Ritsumasyl.

Tiid tekoart

Mar nei djipgeand ûndersyk docht no dus bliken dat de kwaliteit fan it twaddehânske brêgediel net goed genôch is op de brêge op 'e nij te brûken. Dat de gemeente no net kiest foar ien fan dy oare fjouwer oanbeane brêgen hat te krijen mei de tiid. "Sa'n helberheidsûndersyk nimt nochal wat tiid yn beslach. Dy tiid is der net, omdat de brêge yn Aldwâld sa lang net wachtsje kin. Dêr moatte wy no echt mei oan de slach om de ferkearsfeiligens te garandearjen", neffens Dijkstra.

Transysje op syn Frysk

Mei troch dit projekt is it inisjatyf nommen om de saneamde "Bruggenbank" út de jierren '80 nij libben yn te blazen. De Bruggenbank moat in soarte fan Marktplaats wurde, dêr't sirkulêre brêgen oanbean wurde en kocht wurde kinne. De kennis dy't no opdien is yn Aldwâld foarmet dêr de hânlieding foar. "Sa wolle wy in foarbyld wêze foar oare gemeenten. Dit is transysje op syn Frysk; mei lef, taastber en mei echte ympakt", seit Dijkstra.

Boele Dykstra oer de brêge

(Advertinsje)
(Advertinsje)