Provinsje wol mear romte jaan oan wynmûnen; by koälysjepartij FNP driget rebûlje

17 jun 2019 - 17:25

Yn Fryslân komt de kommende jierren mear romte foar wynenerzjy. De provinsje wol romte jaan oan de saneamde Grinslanner wynmûnen fan maksimaal 15 meter heech en âlde doarpsmûnen - lykas dy fan Reduzum - meie ferfongen wurde troch in hegere nije mûne. Dit stiet yn it nije koälysje-akkoart dat Deputearre Steaten tiisdei presintearje sille. Dat der mear romte komt foar wynenerzjy is opfallend, want koälysjepartij FNP wie dêr altyd poer op tsjin.

De FNP liket yn alle gefallen in stik fierder te gean as it eigen ferkiezingsprogramma. De leden fan de partij hawwe yn novimber noch yn mearderheid tsjin hegere doarpsmûnen en ek tsjin dy Grinslanner mûntsjes stimd.

De ûnderhannelings hawwe yn Fryslân in stik langer duorre as yn Grinslân en Drinte en dat is in oanwizing dat it akkoart, ek op it mêd fan wynenerzjy, swier kealle. It is wol dúdlik dat FNP-ûnderhannelers Corlienke de Jong en Johannes Kramer bot mei de matearje wraksele hawwe.

Nije politike realiteit

Sy hiene te krijen mei in nije politike realiteit, want CDA, PvdA en ek VVD wolle doarpen en boeren mear romte jaan om in eigen wynmûne te pleatsen. De FNP hie dêrom de kar: of de opposysje yn of in kompromis slute en it is it lêste wurden.

By de FNP stimde in mearderheid fan de leden yn novimber ferline jier noch tsjin nije wynmûnen op it lân op oantrunen fan Johannes Kramer. Deselde Kramer mei de leden no útlizze dat de hegere doarpsmûnen en dy Grinslanner mûnen der dochs komme meie.

Je kinne as partij ek tefolle wetter by de wyn dwaan.

Ald-FNP-partijfoarsitter Nynke Beetstra

Ald-partijfoarsitter Nynke Beetstra lit yn in earste reaksje witte dat se 'skrikt' fan de útkomsten fan de kolleezje-ûnderhannelings. "Mei de taal en kultuer heart ek it lânskip ta de kearnwearden fan de FNP. Nije wynmûnen passe dêr net yn. Je kinne as partij ek tefolle wetter by de wyn dwaan."

Rebûlje

Beetstra lit witte dat se 'hopet' op rebûlje by de Frysk Nasjonale Partij. Sy is sels yn alle gefallen 'tige benijd' nei de útlis fan ûnderhannelers. De Jong en Kramer oer it koälysje-akkoart.

De wynmûne fan Reduzum - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Beetstra hie graach sjoen dat de FNP-ûnderhannelers it koälysje-akkoart earst oan de leden foarlizze soene, mar dat fersyk is ferline jier ôfwiisd troch de partijlieding.

Ald FNP-foarsitter Nynke Beetstra is kritysk

Presintaasje akkoart op tiisdei

It folsleine kolleezje-akkoart wurdt tiisdei presintearre. Dan komt der ek mear ynformaasje nei bûten oer de oanpak fan it feangreidegebiet, oer de finânsjes fan de provinsje en ek oer de Lelylijn, de flugge spoarline fan Grins oer Drachten en It Hearrenfean nei Lelystêd. It foarige kolleezje joech dy Lelylijn net folle kâns, mar it nije kolleezje set it plan dochs wer heech op de politike aginda.

Onno Falkena en Nynke Beetstra oer de wynmolediskusje

(advertinsje)
(advertinsje)