Dina Boonstra beneamd as direkteur fan de NOM

17 jun 2019 - 11:20

Dina Boonstra is beneamd ta direkteur fan de NOM, de Investerings- en Ontwikkelingsmaatschappij voor Noord-Nederland. Har beneaming giet 1 septimber yn.

Foto: nom.nl

Earder wie se direkteur fan de NDC mediagroep en no is se ynterim-bestjoerder fan Jeugdhulp Friesland.

"Als noordeling kan ik alleen maar trots zijn deze rol te mogen oppakken. Ik kijk er naar uit, om samen met het huidige team NOM, mijn bijdrage te leveren aan de versterking van de economie in Noord-Nederland", seit Dina Boonstra oer har nije funksje.

De NOM stimulearret bedriuwichheid en ûntwikkeling fan wurkgelegenheid yn Noard-Nederlân.

Trefwurden: 
Dina Boonstra direkteur NOM
(Advertinsje)
(Advertinsje)