Snitser (61) foar de rjochter yn saak tsjin motorklup No Surrender

17 jun 2019 - 11:12

In 61-jierrige man út Snits stiet moandei foar de rjochter yn Grins, dêr't de saak tsjin motorklup No Surrender útein set. De man wurdt fertocht fan ôfparsing, mishanneling en 'valsheid in geschrifte'.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

Yn totaal steane der fiif fertochten foar de rjochter. Njonken de Snitser binne dat ûnder oare in 54-jierrige man út Emmen en in 55-jierrige man út Klazienaveen. De behanneling fan de saak is ûnderferdield yn twa ûndersiken: it saneamde Akepa-ûndersyk en it Harka-ûndersyk. De saak fan de Snitser fertochte makket diel út fan it Akepa-ûndersyk.

Trefwurden: 
Snits rjochtbank No Surrender
(Advertinsje)
(Advertinsje)