Follyballer Gijs van Solkema ferliest mei Oranje fan Kroäsië

It Nederlânsk manljusfollybalteam hat de lêste pûlwedstriid fan de European Golden League ferlern mei 3-0 yn en tsjin Kroasië. Omdat de lange manlju - de bynamme fan it Nederlânsk team - harren al pleatst hiene foar de finale, hat it ferlies gjin gefolgen. Gijs van Solkema út Snits begûn wer yn de basisopstelling.
Gijs van Solkema © Omrop Fryslân
Spulferdieler Van Solkema soarge yn de earste set mei syn opslach noch foar in foarsprong, mar Oranje koe dat net fêsthâlde. Benammen yn oanfallend opsicht wiene de Kroäten sterker. Nei't de earste twa sets ferlern giene, wiksele bûnscoach Piazza yn de tredde set fjouwer fan de sân spilers. Ek Van Solkema moast plaknimme op de bank. De wiksels hiene gjin risseltaat: ek de tredde set gie ferlern.

Heale finales European Golden League

Op 21 en 22 juny wurde yn Estlân de heale finales fan de European Golden League spile, werby't Nederlân Wyt-Ruslân treft. De ferwachting is wol dat Gijs van Solkema dan wer by de nasjonale seleksje sit, mar hielendal wis is dat net.