Friezen nei Den Haag om te protestearjen tsjin achterstellen Frysk

17 jun 2019 - 10:54

De boargeraksjegroep 'Sis Tsiis' biedt woansdei 26 juny yn Den Haag in petysje oan de fêste keamerkommisje fan Ynlânske Saken oan. Ek sil dy kommisje prate mei minister Ollongren fan Ynlânske Saken oer it Frysk.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De aksjegroep is teloarsteld oer de Bestjoersôfspraak Fryske taal en Kultuer. It Frysk heart yn Fryslân deselde rjochten en plichten as it Nederlânsk te hawwen en beide talen moatte yn Fryslân op deselde wize brûkt wurde kinne.

Neffens de aksjefierders wurdt de achterstân allinne mar grutter. De Ried fan de Fryske Beweging hat in alternative bestjoersôfspraak opsteld. Dy wurdt bepraat yn it oerlis mei de minister.

De Friezen binne dy dei bûtendoar en yn it gebou fan de Twadde Keamer oanwêzich en freegje op boartlike wize omtinken foar it systematysk achterstellen fan it Frysk.

Piter Dykstra fan Sis Tsiis

(Advertinsje)
(Advertinsje)