Hoareka yn Sleat mei net iepen yn de "Nacht fan Maarten"

17 jun 2019 - 08:45

De hoareka yn Sleat mei net iepen op de nacht dat swimmer Maarten van der Weijden troch de sted swimt by syn twadde Alvestêdeswimtocht. De gemeente hat de hoareka-ûndernimmers in brief stjoerd dêr't yn te lêzen falt dat kroegen, kafees en restaurants net iepen meie. In teloarstelling, fynt Sjoerd Lolkema fan restaurant It Bolwerk. "It kin dochs net sa wêze dat alles hjir yn Sleat aanst tsjuster is?"

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Feline jier wie it yn Sleat tige drok by de earste edysje fan de Alvestêdeswimtocht. Ek dit jier swimt Maarten troch de grêft fan it stedsje, mar dit kear midden yn 'e nacht. Foar de hoareka reden om graach iepen te wollen. Mar dat mei net fan de gemeente. Dy jout gjin tastimming, om't se fynt dat de klam lizze moat op de swimtocht en it goeie doel. Wannear't de hoareka iepen is, betsjut dat boppedat in grutter risiko op it 'verstoren van de openbare orde', sa lit de gemeente yn in brief witte. De gemeente hat in eveneminteterrein ynrjochte, dêr't elkenien wat ite en drinke kin.

In miste kâns

Lolkema fynt it lykwols tige spitich dat yn it stedsje sels gjin hoareka iepen mei. "Minsken wolle graach wat ite of drinke, is ús ferwachting. Mar dat mei dus net. Tige, tige skande." De restauranteigener ferwachtet net dat de gemeente noch op oare ideeën brocht wurde kin. En dus hâldt er sels de doar ek ticht. "Ik doar it risiko net te nimmen om dochs iepen te gean", jout er ta. "Mar ik tink dat der wolris minsken hjir midden yn 'e nacht op de ruten klopje kinne. Dit is in miste kâns."

(advertinsje)
(advertinsje)