Kollum: "Hartstikkene moai"

17 jun 2019 - 08:26

"De Nederlânske fuotbalfroulju ha yntusken twa wedstriden spile op it WK yn Frankryk. De earste wedstriid tsjin Nij-Seelân ôfrûne tiisdei waard op it nipperke wûn yn blessueretiid en de twadde wedstriid ôfrûne sneon einige yn in 3-1 oerwinning op Kamerûn. Mar ik wol efkes werom nei dy earste wedstriid tsjin Nij-Seelân en dan benammen nei de neibeskôging.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Wa't de wedstriid tsjin Nij-Seelân sjoen hat, sil it mei my iens wêze: dit wie gjin oerwinning om yn te listjen. Mar toch, it binne wol moai trije punten. Nei ôfrin waard der lykwols troch de kenners oan tafel by Studio France fuort sprutsen oer it wikseljen fan in oantal spylsters dy't it net sa bêst dien ha. Of net sa bêst: se wiene eins striemin fûnen de eksperts. Derút mei dy hannel.

Kinst neigean: spilest de allerearste wedstriid fan it WK wat minder en wurdst stante pede troch de kommentators út it team knikkere. Al dy oardel miljoen minsken foar de telefyzje tiisdeitemiddei ha sjoen hoe'tsto efkes net dyn allerbêste wedstriid spilest. En dan nei ôfrin wurdt der noch gjin healoere nei it lêste fluitsinjaal oppere datsto de folgjende wedstriid better oan 'e kant begjinne kinst. Dat is toch net echt opbeurend, of wol dan?

Ik fyn it nuver dat wy wend binne om fuort nei in wedstriid ien del te sabeljen. It is wol it WK, it heechste fan it heechste, dus moast dy foarstelle hoe'n druk derop sit. Want ús Oranje Leeuwinnen binne neffens hiel Nederlân de grutte favoryt. Eins ha wy der gjin flau benul fan wa't dy oare 23 lannen binne, lit stean wat foar kwaliteiten se yn it team ha, mar Nederlân is favoryt. Wy binne ommers ek al Europeesk kampioen, dus wat kin ús no gebeure?

Foppe de Haan sjocht der krekt wat oars nei. Op de fraach wat hy fan de Oranje-froulju ferwachtet, is Foppe realistysk. "Se hawwe wol in goede kâns om te oerlibjen", sei er. Presys. Dat is dus hiel wat oars as dat se mei twa fingers yn 'e noas kampioen wurde sille, sa't wy thús op 'e bank allegear ferwachtsje. As wy no allegear ris dy noftere bril fan Foppe opsette en krekt wat oars nei ús Oranje-froulju sjogge. Net sa eamelsekkich, mar wat positiver. Ik tink dat soks in stik better helpt.

Dus as der no ien spylster kommende tongersdei tsjin Kanada wat minder goed is, dan stel ik foar om har net del te sabeljen op social media of yn de neibeskôging, mar om posityf kritysk te bliuwen. Want fan in orkaan oan kommentaar is noch nea ien better wurden. Dat jildt foar ús allegear. As ik in mindere dei ha, helpt it ek net bepaald as de baas seit: 'No, it wie wer NIKS hjoed he? Ik betwifelje oft ik dy moarn wol wer nedich ha.' Dan tink ik de folgjende dei net: joepie, ik mei wer oan it wurk!

Ik wit wol: dizze froulju binne net fan sûker. Se kinne wol wat ha. Mar net ien fan ús fuotbalfroulju rint dêr mei in air om. Der is gjin Ronaldo-type by, dat yn it skoft nei de kapper giet. Der is gjin ien dy't no al njonken de skuon rint. Se komme der allegear om te fuotbaljen. Net om beroemd te wêzen of in grou pak jild te fertsjinjen. Dus litte wy dizze froulju no stypje yn plak fan ôfservearje. Of sa't Foppe altyd seit: 'Froulju, jim dogge it hartstikkene moai'."

(advertinsje)
(advertinsje)