Dierenvoedselbank helpt baaskes: "Tegen sommige mensen wordt gezegd: laat je dier maar doodgaan"

17 jun 2019 - 07:58

De Dierenvoedselbank Fryslân út Bakkefean hâldt in aksjewike om mear fretten foar de bisten te krijen. De voedselbank foar bisten is sa'n súkses, dat de foarried hast op is. Se hawwe dan ek grut ferlet fan nije jeften. Silvia Flantua fan de Dierenvoedselbank docht in driuwende oprop: "Voor veel mensen is een dier alles voor je."

Dit is net de hûn út it berjocht - Foto: pxhere

Yn in pear moanne tiid binne der al sechtich minsken lid fan de Dierenvoedelbank. Ek hjir jildt dat minsken har identifisearje moatte en in bewiis fan it ynkommen sjen litte moatte. Silvia Flantua: "Ik heb gisteren weer wat pakketjes klaargemaakt, maar het gaat harder dan ik dacht. Ik begin bang te worden dat ik het niet langer red met de voorraad voer die we nu nog hebben."

Lit mar deagean

It súkses fan de Dierenvoedselbank ferrast ek inisjatyfnimster Flantua: "Ik had niet verwacht dat het zo snel zou gauw gaan. Bovendien is het veel emotioneler dan ik had gedacht. Je krijgt schrikbarende verhalen te horen. Mensen met een pensioen of uitkering die te horen krijgen: laat je dier maar doodgaan. Maar een dier is vaak het enige sociale contact dat je nog hebt. Een dier is dan alles voor je."

Aksjewike

De aksjewike is ôfrûne sneon úteinset en duorret oant 22 juny. Op 22 juny is der in iepen dei en kinne minsken komme te sjen by de Dierenvoedselbank. Flantua ropt elke bisteleafhawwer op om in jefte te dwaan yn de foarm fan fretten foar de bisten. Flantua: "Mocht je een blikje voer voor ons over hebben, dan kun je het kopen bij een dierenwinkel en dat daar achterlaten."

Donearje ek

Op de webside stiet hokker fretten de organisaasje goed brûke kin. Dat fretten kinst keapje by ferskate bistewinkels. Dy bringe it dêrnei by de Dierenvoedselbank yn Bakkefean.

(advertinsje)
(advertinsje)