Fjochtpartij nei ôfrin fan fuotbalwedstriid tusken Ryptsjerk en Kollum

17 jun 2019 - 06:31

Nei ôfrin fan de fuotbalwedstriid tusken fuotbalklup VV Ryptsjerk en VV Kollum is sneontemiddei in grutte fjochtpartij ûntstien yn de kantine. De wedstriid om promoasje nei de twadde klasse waard spile op it fjild fan Harkema Opeinde en waard in 3-0 oerwinning foar de Kollumers. De fuotballers fan Ryptsjerk wiene al thús, doe't yn de kantine Kollumers mei oaren op de fûst gongen. By de fjochtpartij waarden in pear rake klappen útdield.

Foto: Omrop Fryslân

De fjochtpartij waard filme troch omstanners. It bestjoer fan VV Kollum hat oanjûn oan de hân fan dy bylden goed te sjen wa't by de fjochtpartij belutsen west hat en op basis dêrfan de nedige konsekwinsjes te nimmen.

It bestjoer fan VV Ryptsjerk lit op de eigen webside witte dat se har distansearret fan de fjochtpartij. "Wij willen benadrukken dat VV Rijperkerk hier op geen enkele wijze wat mee te maken heeft."

Ek fuotbalklup Harkema Opeinde hat gjin goed wurd oer foar de oanstichters fan de fjochtpartij en jout op de eigen webside de folgjende ferklearring: "Een filmpje van nog geen 10 seconden heeft al het mooie van de middag naar de achtergrond verdreven. Door een klein groepje zich Kollum-supporter noemende tieners is de zaak zaterdag geëscaleerd. In het betaald voetbal blijkt vaak dat een klein groepje kwaadwillenden het voor de grote massa verpest. Zaterdag in Harkema was dit niet anders. Kollum, Harkema-Opeinde en Rijperkerk zitten met de gebakken peren."

(Advertinsje)
(Advertinsje)