Jonge Friezen suksesfol yn parkearbrânsj: "We willen de grootste worden"

17 jun 2019 - 14:55

Twa jonge Fryske ûndernimmers binne tige suksesfol yn de parkearbrânsj. De 33-jierrige Arne Bos fan Feanwâlden en Peter Bosma (30) fan Ljouwert starten fiif jier lyn yn Grins it bedriuw Parkos, dat online-parkearplakken ferhiert by fleanfjilden. No binne se aktyf yn 12 lannen by hast 100 fleanfjilden en hawwe se 25 minsken yn tsjinst út de hiele wrâld. "We willen de grootste worden."

Fryske ûndernimmers boeke sukses mei parkearbedriuw Parkos

Bos en Bosma begûnen yn in lyts kantoarke mei ien staazjerinner. Se wienen earst aktyf yn de reisbrânsj. Mar al gau foel ha each op parkearplakken by fleanfjilden. "Parkeren was relatief duur", leit Bos út. "Rondom Schiphol kwamen er allerlei alternatieve aanbieders van parkeerterreinen. Die markt explodeerde op een gegeven moment. Daardoor zagen consumenten door de bomen het bos niet meer."

Gat yn de merk

Dêr seagen de twa jonge Friezen in gat yn de merk. Mei Parkos bringe se in soad fan dy bedriuwen byelkoar op ien webside. Parkos hat sels gjin parkearterreinen, mar slút kontrakten mei ferhierders om by harren auto's del te setten.

It bedriuw groeit no elts jier mei sa'n 200 persint yn it jier. It behear fan de kontrakten yn de ferskate lannen is yn hannen fan 'country managers' dy't de taal sprekke en it lân goed kenne. "Zij leggen contacten met de plaatselijke parkeeraanbieders. Vaak eerst opbellen om ze uit te leggen hoe het werkt en vervolgens gaan ze langs om de deal rond te maken", fertelt Bos.

Utwreidzje nei Australië en Amearika

De ambysje fan de beide mannen is om yn de kommende jierren troch te groeien nei it grutste parkearbedriuw by fleanfjilden yn de wrâld. Earste doel is om út te wreidzjen nei Australië en Amearika, beide lannen mei in soad fleanferkear en in grut tal fleanfjilden.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Om de groei deryn te hâlden slute se in beursgong op termyn net út. "Als dat ervoor nodig is om de grootste te worden, gaan we dat zeker doen", seit Bosma. Mar it it gjin doel en op dit stuit is it net nedich sizze se. Se kinne de groei oant no ta goed út eigen middels finansiere. "We hebben geen externe financierders, we doen alles zelf. En dat is supertof."

Ferlet fan programmeurs en ferkeapers

Troch de groei is it soms net maklik om goeie minsken te finen. Foaral fan programmeurs en goede ferkeapers dy't harren talen sprekke is grut ferlet.

Bosma en Bos stekke sa goed as al harren tiid yn it bedriuw. In soad tiid foar oare saken is der net. Mar dat heart by it ûndernimmen, fine se. Harren sukses neame se in dream dy't útkomt.

Arne Bos en Peter Bosma fan Parkos

(Advertinsje)
(Advertinsje)