Trienke Elshof oer stikstof-útspraak: "We ha in grut probleem"

16 jun 2019 - 21:28

"We sitte mei de hannen yn it hier." Foar Trienke Elshof fan lânbou-organisaasje LTO is it dúdlik: de útspraak fan de Ried fan Steat oer it Programma Aanpak Stikstof (PAS) hat grutte gefolgen, én net allinne foar boeren.

F.l.n.r. Aant Jelle Soepboer, Hans van der Werf, Trienke Elshof - Foto: Omrop Fryslân

Yn de PAS-regeling wurdt toetst oft bepaalde aktiviteiten safolle stikstof útstjitte dat it neidielige gefolgen hat foar de natuer. "De PAS wie in metodyk om dat te berekkenjen wat de ynfloed wie fan in gebou, in dyk, in yndustry op in natuergebiet", lei Elshof út yn it programma Buro de Vries fan Omrop Fryslân. "Op basis fan dy berekkening koest dan in fergunning krije, asto oantoane koest dat dyn aktiviteit net in achterútgong wie foar in natuergebiet." Sa'n tastimming foarôf mei fan de Ried fan Steat net mear.

Drama fan de oerheid

Hans van der Werf, fan de Fryske Miljeufederaasje fynt it in drama en in brevet fan ûnfermogen, benammen fan de oerheid. "We binne no fiif jier dwaande mei dit systeem. Der is in soad jild yn stutsen, der binne ôfspraken makke en ferwachtingen kreëarre. De ferwachting wie ek dat de stikstof-deposysje yn natuergebieten dêrmei werom rinne soe. Dêr hie better oer neitocht wurde moatten. Ik fyn it benammen in drama foar al dy boeren dy't no yn ûnsekerheid sitte.

It is net allinne in lânbouprobleem. Ek foar bouprojekten lykas it Cambuurstadion en it fleanfjild by Lelystêd hat it grutte gefolgen. De oerheid hat no in krisisteam ynsteld ûnder lieding fan lânbouminister Carola Schouten.

Lânbou en natuer gearwurkje

Hans van der Werf: "Yn Fryslân wurkje lânbou en natuer aardich goed tegearre, besykje ta oplossings te kommen. Werom soene we dat ek net lanlik kinne?" Mar Van der Werf sjocht tagelyk dat salang't de oerheid ynset op it finen fan juridyske oplossingen, dat we dan wer mei lege hannen stean sadree't in proseduere ôfsketten wurdt.

We moatte binnen in jier in oplossing hawwe.

Trienke Elshof (LTO) oer de stikstof-útspraak

De rjochter hat ek beweidzjen en bedonging fergunningsplichtich makke. Elshof: "Dus dêr komme we ek yn de prosedueren. We moatte binnen in jier in oplossing hawwe, oars komme de kij op stâl, witte we net wat we mei bedonging oan moatte en de fergunningsferliening leit stil."

Neffens Elshof moatte natuer, lânbou, yndustry én wegebou, der mei syn allen by de oerheid op oantrúnje dat se foar de ein fan it jier mei in plan komme moatte. "We ha echt in grut probleem op dit momint."

It Nijsfoarum oer PAS

(advertinsje)
(advertinsje)